Behanneling saak gaswinplannen yn Smellingerlân yn Ried fan Steat

Omrop Fryslân, 15 augustus 2019

De gemeente Smellingerlân makket in bestimmingsplan foar nije gaswinning ûnmooglik, dat fynt minister Wiebes fan Ekonomyske Saken. De saak wurdt tongersdei behannele yn de Ried fan Steat. Krekt as in protte oare Fryske gemeenten is Smellingerlân tsjin nije gaswinning. De gemeente hat dit ferline jier fêstlein yn it bestimmingsplan. Dêryn stiet dat der gjin gaswinning mear tastien is yn it bûtengebiet.

De minister koe hjir beswier tsjin meitsje, mar hat dat net dien. Juridysk sjoen kin der dan gjin beswier mear makke wurde by de Ried fan Steat, mar de minister fynt dat de gemeente Smellingerlân it ministearje ynformearre moatten hie.

Oebele Feenstra fan doarpsbelang De Wilgen/Smelle Ie tinkt dat it in juridysk stekspul wurde kin. 'As de gemeente gelyk krijt, dan binne der wer oare stappen dy't Wiebes nimme kin. 

Oebele Feenstra oer de saak:  artikel Omrop Fryslân 

'As de gemeente gelyk krijt dan hoecht it net allinnich gefolgen te ha foar Smellingerlân', seit Feenstra. 'It kin ek oare gemeenten op gedachten bringe om deselde wei te folgjen.'

Nieuwste artikelen

nieuwsbrief september 2019

Nieuwsbrief

Leave review
Noteert u dit alvast in uw agenda? Onze nieuwjaarsborrel is op vrijdag 17 j...
Read More
Rabo ClubSupport

Rabo ClubSupport

Leave review
Met Rabo ClubSupport vieren we samen de winst. De echte winst van clubs, st...
Read More
behanneling saak nije gaswinningplannen yn gemeente Smellingerlân yn Ried fan Steat

Behanneling saak gaswinplannen yn Smellingerlân yn Ried fan Steat

Leave review
Read More